46

46 Mandeguod It swalkjend bosk komt ta rêst yn Mantgum op sneon 12 novimber 2022. Wat in topdei wie de beamplantdei foar Boppeslach! In groep fan sa’n 30 man hat de hiele dei yn it spier west om de earste slach te slaan yn it plantsjen fan de beammen út de kisten dy’t we fan Bosk krigen hienen. Foto’s Adrie Jansen Nei in oprop yn de frijwilligersapp fan Boppeslach en yn de Mandeguod wienen foar 12 novimber en 19 novimber ryklik 50 man dy’t harren oanmelden hienen. Op dizze twa sneonen woenen we sjen at we al it plantwurk dwaan koenen. Yn oerlis mei Nico Kloppenborg en Snoek waarden wurksumheden útskreaun en waard besjoen hoefolle frijwilligers per klus nedich wienen. Nei foarwurk troch Jan Reitsma en Cees Middelweerd yn de wike foarôfgeand oan de earste plantdei op 12 novimber, wie op sneon 12 novimber om 08.00 oere alles klear foar in produktive dei. En wat der op dy dei allegear út ‘e wei set is; it wie allegear boppe ferwachting. Mei in hiele klup entûsjaste minsken en goed materiaal fan lokale ûndernimmers waard de klus yn ien dei sawat ôfmakke. Alle beammen en struken binne plante, der binne netten flochten fan wylgeteannen, der is wer gers siedde en sels it paad waard (besocht) wer skjin makke. Mar wat in topdei wie de 12e fan novimber yn elts gefal. Tige, tige tank foar alle help fan de frijwilligers! Sawol foar de minsken yn it grien as de minsken dy’t alle omballingen regelen (kofje, snert, kroketten, bier en bitterballen). Understeand in pear reaksjes fan frijwilligers fan de beamplantdei wer’t út blykt dat wy net de ienigen binne dy’t entûsjast oer dizze dei (en it resultaat) wienen. Baukje Stienstra

47 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication