48 Mandeguod Gjin wylgeteannen Foar it earst sûnt jierren de wekker wer setten want we moasten ús op tiid melde by plan Boppeslach. Dus ûntfangst dêr mei in bakje kofje en in dúdlike útlis wat der allegear barre moast dizze dei. Foar ús leine peallen, in grûnboar en slaaie klear om in singel te meitsjen fan wylgeteannen, der ûntstiet dan in lij plak der’t dan wer struken efter groeie kinne. Grûnboar en slaaie koene we oerslaan want der kaam in kraan lâns mei in tûke masjinist dy’t de peallen der foar ús yndrukt hat. Gau klear dus. Mar gjin wylgeteannen, wat no? No wiene der oan de oare kant feart in pear knotwylgen en nei oerlis mei de eigener (en fotograaf hjir) koene wy dêr los. Hy de tûken kwyt en wy in singel frisselje mei it spul, in echte Win Win situaasje dus. Mar we moasten noch mear brûke dus efkes op de fyts speure en ja hear; by Peter en Eef stienen ek in pear knotwylgen. Wy mochten der wol efkes omhinne rinne mei de kettingseage en it tekoart oanfulle. De greate bult tûken mei in shovel nei it Boppeslachplan sleept en de singel ôfmakke. Healwei fiven klear en earlik sein, ús batterijen wiene ek wol leech! Ek it oare spul sa as beammen en struken wie allegear te plak setten dy dei, gâns wurk ferset! In moaie dei en der is goed op ús past, kofje, tee, snert en broadsjes en oan it ein fan de dei in pear bierkes en bitterballen om wer op te laden. It sil mei de measte frijwilligers oan it ein fan de dei ek wol sa west ha: “Zij keerden moe maar voldaan huiswaarts”. Sake Cnossen
49 Online Touch Home