seksuele intimidatie mee. Met de wereldwijde Orange the World campagne wordt aandacht gevraagd voor de strijd tegen dit geweld. www.orangetheworld.nl Anna Christien Piebenga, namens Zonta Friesland en Soroptimisten Friesland De Mariatsjerke fan Mantgum is oranje kleurd fan 25 novimber oant en mei 10 desimber Orange the world – ynternasjonale kampagne tsjin Geweld tsjin Froulju. 25 novimber wie de Ynternasjonale Dei tsjin Geweld tsjin Froulju. Fan dy dei ôf oant en mei 10 desimber wurdt 16 dagen oanien oer de hiele wrâld aksje fierd. UN Women fiert de kampagne tegearre mei ministearjes, gemeenten, provinsjes en maatskiplike organisaasjes. Safolle mooglik gebouwen kleurje yn dy tiid ORANJE, fan Australië oant Finlân, fan Hollân oant Japan. Ek yn Fryslân, yn hast alle gemeenten, wurde in oantal gebouwen oranje. De Wetterpoarte yn Snits is op moandei 25 novimber mei in knal fan wethâlder Gea Wielinga yn it oranje set. En ek de Mariatsjerke docht mei! In oantal feiten. Ien op de trije froulju yn de wrâld hat yn har libben te krijen mei fisyk of seksueel geweld. Yn guon lannen is dit sels 70 % fan de froulju. Geweld tsjin froulju hat ferskate foarmen, fan saneamd húslik geweld oant genitale ferminking en fan ferkrêfting oant moard. Ek by ús is geweld tsjin froulju in probleem. Ut Europeesk undersyk docht bliken dat hjir 45% fan de froulju en famkes mei geweld te krijen hat. Ien fan tsien froulju is ferkrêfte, ien fan fiif mishannele troch in (ex) partner en mear as trijekwart fan de froulju en famkes wurdt seksueel yntimidearre. Mei Orange the World wurdt oandacht frege foar de striid tsjin dit geweld. www.orangetheworld.nl Anna Christien Piebenga, út namme fan Zonta Friesland en Soroptimisten Friesland Mandeguod 23
26 Online Touch Home