27

K’s foar Kenia stelle harren doel by.. OMHEECH! Dêr’t we yn it begjin soargen hienen oer oft we it doelbedrach fan € 10.000 wol helje soenen, is dit bedrach no binnen ‘handbereik’ en ha we besletten ús doelen by te stellen, we gean foar 15.000 euro! K’s foar Kenia is in wurkgroep dy’t fanút Stifting Doch Dyn Dream yn febrewaris nei Kenia sil om dêr te bouwen oan in skoalle foar weesbern. Ut Mantgum wei sille Jehannes, Adelma en Bregt mei op reis. Op it stuit stean der 2 skoalgebouwen en doel fan K’s foar Kenia wie: jild ynsammelje sadat de Kenianen de fundearring en de muorren fan in tredde skoalgebou delsette kinne, en dan sels it dak der op sette. Dermei wie it gebou noch net ôf. Nei dy tiid moatte der bygelyks noch ruten en doarren en in flier yn. De K’s foar Kenia hienen begjin novimber genôch jild ynsammele om de Kenianen begjinne te litten mei bouwen: sy binne dêr begûn mei it meitsjen fan ‘bricks’ (grutte bakstiennnen)! We merke dat der grut draachflak is foar ús aksjes: minsken fine it hiel fijn dat al it jild dat se donearje streekrjocht nei Kenia giet, gjin tuskenpersoanen dy’t jild opstrike. Dêrneist binne de doelen hiel konkreet, jo witte sawat oft jo jild oan bakstiennen of oan dakplaten bestege wurde sil! Wat we fierder in soad hearre is dat we op in leuke manier jild ynsammelje. Kop fan Jut, pubKwis, Krystbeammen, Kâns op moaie prizen yn in lotterij, Kane of Klokke foar Kenia… It binne allegearre aksjes dêr’st oars ek foar betellest, mar no giet it jild nei Kenia! Ek wurdt der ‘gewoan’ donearre, of wolle minsken fergees harren tsjinsten oan ús ferliene. We binne tige wiis mei jimme stipe op hokker wize dan ek! Mar goed, we steane no dus foar in nije útdaging, fiiftûzen euro ekstra is net neat, wolle jo op hokker wize dan ek bydrage oan ús prachtige doel? Jild stoarte kin op IBAN: NL76 ABNA 0572 0781 29, o.n.f. stichting Doch Dyn Dream, û.f.f.: Knaken foar Kenia. En hâld op Facebook (K’s foar Kenia of Stichting Doch Dyn Dream) en www.dochdyndream.nl ús aksjes yn ‘e gaten. Mandeguod 25

28 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication