43

Fjirde edysje Hassiebassie kuiertocht fynt wer plak op âldjiersdei Alwer foar de fjirde kear sil op âldjiersdei yn Mantgum de Hassiebassie kuiertocht plakfine. Dizze wurdt organisearre fanút Stifting Doch Dyn Dream en giet oer 2,5 of 10 km. Nij dit jier is dat der ek in mooglikheid is om hurd te rinnen mei in groepke. De ôfrûne jierren hat bliken dien dat der fan Mantgum en omjouwing út hieltyd gruttere belangstelling is foar dit rin-eveniment, foarich jier rûnen sa’n 300 minsken mei. It konsept is ienfâldich: begjin fan de middei starte jo út de Wjukken wei mei in bakje kofje en dêrnei kuierje jo gesellich in lyts of in wat grutter rûntsje. Jo kinne it jier 2019 nochris beprate, of alfêst jo goede foarnimmens foar 2020 diele mei meikuierders! Der sil fertier plakfine lâns de rûte troch muzyk of wat entertainment, mar wat séker net ûntbrekt is: in ‘Hassiebassie’ ûnderweis. In Hassiebassie is in slokje en foar de bern sil der ranja klear stean. Nei ôfrin biedt de organisaasje jo in bakje snert oan. Dus set it alfêst yn jo agenda: âldjiersdei Hassiebassie kuiertocht út de Wjukken wei. It jild dat dizze kuiertocht opsmyt, sil brûkt wurde oan de bou fan in skoalle foar weesbern yn Kenia. Yn febrewaris sille dêr trije Mantgumers en fiif Easterwierrumers hinne om sels te helpen mei bouwen! (Start is begjin fan ‘e middei, eksakte starttiden sille letter fia social media, posters en flyers bekend makke wurde. Mear ynformaasje: www.dochdyndream. nl of Stichting Doch Dyn Dream of K’s foar Kenia op Facebook) Mandeguod 41

44 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication