45

Reuny Reuny KuoRbalKlub WWC 50 jieR Op 2 july 1970 besleaten de kuorbalklubs Wardy út Wiuwert-Britswert en W.T.E.F út Mantgum ta it gearfoegjen fan guon spilers en teams, om nei ferrin fan tiid folslein gear te wurkjen en bestjoerlik en finansjeel yn elkoar op te gean ta de fúzjeferiening WWC (Wardy-W.T.E.F-Combinatie). Takom jier is dy earste gearwurking 50 jier lyn! We wolle dat graach betinke en fansels fiere mei in gesellige dei mei in hiele protte leden, âld-leden/-spilers en âld-bestjoersleden op sneon 27 juny 2020. Der is in feestkommisje oer te set om dizze dei yn te foljen. Yn in kommende útjefte fan dit krantsje mear dêroer. Foarearst hoopje wy dat jimme as leden, âld-leden, bestjoersleden en âld-besjoersleden, mar ek âlders fan âld-leden dizze datum sa folle mooglik bekend meitsje wolle, om’t we in híel soad kuorballers berikke wolle om mei elkoar oantinkens op te heljen en sa de gesellige en soms ek beruchte ‘tredde helte’ nochris te betinken en mei te meitsjen!!!!! We rekkenje op jim meiwurking. Kuorbalferiening WWC Mandeguod 43

46 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication