58

Krystfeest Ysbrechtum 1938 Troch de tsjustere jûn rin ik mei mem troch it doarp. Gewoanwei soe it hiel stil west ha yn ’e buorren, no rinne der mear minsken, allegearre deselde kant út, nei tsjerke. It is Krystfeest yn tsjerke. Heit giet net mei, der moat immen thús wêze yn de herberch, it hûs dêr’t ik op ‘e wrâld kaam. Ik tink dat heit dat ek wol noflik fynt; hoewol er trou nei tsjerke giet, hat er net folle op mei it Krystfeest. De tsjerke strielet in waarm ljocht út. Dat komt net fan de lampen, mar fan de kearsen yn de twa grutte krystbeammen, dy’t elk op in hoeke njonken de preekstoel steane. Neist it stek leit in lange stok mei in spûns deroan: as der wat mis gean soe en der soe in tûke begjinne te brânen, dan kin ús omke dat fjoer gau dôvje. Dêr moat hy op passe! Mem giet yn ien fan de banken sitten, ik rin troch nei de stuollen. De bern sitte foaroan, tichtby de beammen, tichtby de kuorkes mei sinesappels. Aanst krije wy allegearre sa’n hearlike appel en - dat liket my noch folle moaier ta - in boek!! Ik bin in lêsbern en haw altyd te min boeken. Krystboekjes binne fansels fierste tin, mar wol moai. It oargel spilet al en ik hear: ‘Nu zijt wellekome’. Aanst meie wy ek sjonge! Sjonge yn tsjerke, dat klinkt wol sa moai! Dûmny’s mefrou hjit ús allegearre wolkom en dan sjonge wy mei elkoar ‘Komt allen tezamen’. Dûmny fertelt it Krystferhaal oer it berntsje dat yn in stâl berne waard, by de okse en de ezel. Nei waarme sûkelademolke mei in koek fertelt mefrou ek in Krystferhaal, no net út de bibel mar út ús tiid. Dan binne wy hast oan ’e ein fan it feest; wy krije ús boek en in sinesappel, sjonge mei elkoar noch ‘Ere zij God’. In moai ein, dat klinkt wol sa prachtich yn tsjerke: ‘Gloria in Excelsis Deo’. Waarm en wurch rinne wy tegearre nei hûs en ja, ik mei noch efkes lêze yn myn nije boek! Yn 1938 wie dat ‘Rozemarijntje’ fan W.G. van de Hulst. Noch altyd myn favoryt. Ary Meintema-Jeltema MANDEGUOD 56

59 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication