Tusken tsjerke en kroech Toanielferiening Frisia organisearret yn 2017 wer in edysje fan ‘Tusken tsjerke en kroech’. Yn it kulturele oersjoch ‘Film, Muziek & theater De Wjukken’ stiet oanjûn dat de datum 8 april is. Dit moat wêze 1 april en dat is gjin grap! Fanwege in dûbele boeking yn De Wjukken is de datum feroare. Dus skriuw de datum alfêst mar op jimme nije kalinder foar 2017: 1 april Tusken tsjerke en kroech. Wy sille probearje om der wer in moai, ôfwikseljend programma fan te meitsjen. Dy’t graach syn of har hûs ris in kear sjen litte wol as poadium foar kulturele aktiviteiten kin him/har by it bestjoer melde. Binne der ek minsken dy’t it moai fine om te helpen yn de catering: graach!! Ek minsken dy’t helpe wolle mei praktyske dingen kinne har melde. Sjoch wy ha de fielspriten wol út, mar witte ek net alles! Tusken tsjerke en kroech wol graach in aktiviteit wêze dêr’t it hiele doarp by belutsen is: frijwilligers, spilers, dielnimmers, muzikanten, mar ek hûsbewenners en keukenprinsen en -prinsessen. Elk hat syn eigen talint! Tusken tsjerke en kroech is in aktiviteit dy’t yn goede banen laad wurdt troch it bestjoer mei help fan in hiele soad minsken: jimme dus. Jimme kinne maile nei: Frisia1874@gmail.com of reagearje op Facebook: Frisia1874 De 6e editie van ‘Tusken tsjerke en kroech’, georganiseerd door toneelvereniging Frisia1874, wordt gehouden op zaterdag 1 april 2017. Het is een evenement van en voor het dorp, waarbij zoveel mogelijk culturele uitingen worden getoond in huizen van dorpsbewoners en op andere verrassende locaties. Dit in combinatie met een warme maaltijd, gekookt door dorpsbewoners. Zin om je huis beschikbaar te stellen als locatie, of om te koken voor 10 of 20 personen? Meld je dan aan via: Frisia1874@gmail.com of laat een reactie achter op Facebook. Alvast bedankt. Sien de Groot, Liuwe van der Meer, Miranda van der Steen en Wieke de Haan, bestjoer Frisia1874 Mandeguod 17
20 Online Touch Home