57

januari 2021 57 net omt Baas my oan ‘e line dien hat. Ik moat my raar fersinne at dêr net wol tsien hazzen dea op in rige lizze. “Yn it bitefjild fierderop moatte noch wol mear sitte. Wolsto dyn eigen krysthazze sjitte?”, hear ik âldbaas Pyt freegjen. “Ik bin net fan’t sjitten”, andert Baas. “Nee, do wolst se wer better meitsje fansels”, laket myn âldbaas, en hy triuwt Baas sa’n sjitpiip yn ‘e hannen. Om ús hinne wurdt in bytsje bedimme gnyske. Dan sette wy mei-inoar ôf nei it bitefjild ta. Ik drobbelje stiif neist myn krebintige baas mei. Op in brede rige strune wy meielkoar troch de biten. Ik bin de alderearste dy’t in hazze yn de noasters kriget. Dít is myn kâns! Fan Frou mei it net, mar no is’t de bedoeling dochs just! Handich strûp ik út de line wei en set ik de sokken der yn it fjild troch. De hazze sjocht my oankommen en betinkt him gjin momint. As in streep fleane wy efter elkoar sigesaagjend troch de biten. Ik hear it razen en tjirgjen efter my wol, mar ik lit my dy hazze dit kear wier net ûntkomme. Dan hear ik in lûde knal en fuortendaliks fiel ik in fjoerskerpe pine yn myn lofter bil. Ik jou in ôfgryslike gjalp en lit my langút falle yn de biteblêden. Unhuerich, wat docht dat sear... “Och, och, wat bisto dochs in leaf hûntsje. Wat leisto dêr no lekker langút. Ien en al ûntspanning sa op ‘e rêch. Mei al dy knuffels om dy hinne.” Ik slach myn eagen op en knipperje der tagelyk mei. “Wêr soe se fan dreame? Poeskes?” O, wat deale! Myn leave santjin! Yn ferheardens rek ik mysels út en doch in sucht fan ferromming wylst de beide lytsbazen laitsjend njonken myn hûnekoer sitte en my oer myn búkje tyskje. Dan sjoch ik Baas oan tafel sitten en hy spytgnysket nei my: “Ik tink dat se wer oer haskes dreamd hat.” Op dat stuit wol ik him wol yn syn dôve earen blaffe: “Do grutte olfert, do hast my yn ‘e kont sketten!” Afke fan it Fryske Wetterlân Ik winskje alle baaskes en harren lytsfee noflike Krystdagen en boppe-al in sûn nijjier!

58 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication