Witte jim dat… → … it sa stadichoan tradysje is dat op âldjiersdei de Hassiebassietocht holden wurdt? Min waar of moai waar, de tocht giet troch. Oeral ûnderweis is der wat te dwaan en is der wat te iten of te drinken. Mei tank oan in hiel soad frijwilligers. Mei snert en muzyk yn de Wjukken op it ein fan de tocht. Kinst in lang ein rinne of kinst in koartere tocht rinne – mei oare wurden: gjin ekskús om net mei te dwaan! Om 1 oere middeis geane de earsten los, en de koartere tocht begjint om 2 oere. Graach wol ik eltsenien tige tank sizze foar alle lokwinsken dy’t ik 15 novimber op myn jierdei krigen ha. En fansels ek foar de bydragen foar de spiersykte Dystonie. Meielkoar ha jimme in bedrach fan € 870,- skonken. Tige tank dêr foar! Dêrneist winskje ik eltsenien in hiel fijne jierwiksel en in lokkich en sûn 2025 ta. Groetnis, Eelkje van der Veen-Jongstra. Mandeguod januari 2025 | 31
32 Online Touch Home