Sa hearden wy dizze wike in jong stel mei lytse bern sizzen: “Wij hadden nog nooit van Mantgum gehoord voor we hier kwamen wonen. Maar wat zijn wij blij dat we hier terecht zijn gekomen. Want we vinden het een prachtig dorp!” Heare je it ek ris fan in oar… David en ik wenje hjir no op ‘e kop ôf 50 jier. (‘Binne jim al sa âld???’ Ja dus…) Ta grutte ûngerêstens fan David syn âlde Grandma (type Queen Elizabeth, brekber, lyts, fleuchje poeier op ‘e wangen en justjes lippestift op ‘e lippen) doe’t se hearde dat de minsken yn Nederlân net yn de rige stean gongen as se op de bus of de trein wachten. Hoe’t je dàn yn de trein of de bus kamen? “Well Grandma, you use your elbows…” en David liet sjen hoe’t je mei de earmtakken de minsken oan kant skoden. Grandma seach har in gat yn ‘e holle dat David nei sa’n ûnfatsoenlik lân ferhúzje soe. Mar as Grandma sjen kind hie hoe’t de minsken hjir hiel keurich elkoar de romte jouwe op it Mantgumer stasjon, hie se net mear ûngerêst west. It is in fatsoenlik doarp… Dêrom: jim kinne ek gerêst it nije jier ynstappe! Jou elkoar de romte, dan libbet it wat nofliker! De redaksje fan Mandeguod winsket alle Mantgumers in lokkich, fleurich en sûn 2025 ta! Maaike, Diny, Boris, Rinse, Hotze en Lys. Mandeguod januari 2025 | 5 Prakkesaasjes fan de redaksje
6 Online Touch Home