21

februari 2021 21 Oaljekoeken 2020 It wie eins pas begjin desimber dat we de knoop trochhakke ha om it oaljekoekbakken dochs trochgean te litten. De organisaasje seach mooglikheden om it jierlikse oaljekoekbakken Corona-proof te meitsjen sadat we wer ús aksje foar de keats- en kuorbalklub hâlde kinne. Mar op 14 desimber fertelde premier Rutte dat we in nije lockdown hawwe soene. Fansels wie dizze lockdown nedich, mar dêrmei kaam wol wer de fraach, kinne we it oaljekoekbakken wol trochgean litte? Yn oerlis mei de Gemeente ha we dochs nei de mooglikheden sjoen en besletten dat we it Coronaproof meitsje kinne en koe it trochgean! Op âldjiersdei is om 2.00 de mikser begûn mei it miksen fan it besleek sadat om 3.00 in lyts ploechje bakkers begjinne koe mei it bakken fan de oaljekoeken. Mei tank oan Bakker Vakkeuken hiene we ekstra frituurbakken ta ús beskikking en mei tank oan Wiersma Tentenverhuur hiene we kabels om de keuken ekstra te foarsjen fan krêftstroom. Sa koene we de ôfstân tusken de bakkers grutter meitsje. It ynpakken fan de oaljekoeken barde op ‘e Clincke, sadat elts syn eigen 1,5 meter plakje hie. It bakken gie hartstikke bêst en ek it opheljen fan de oaljekoeken bûten de Wjukken ferrûn allegear prima! It wie in jier oars as oars, mar wy binne tige bliid dat we dit mei dit lytse ploechje dochs foarinoar krigen ha. Wy wolle alle minsken dy’t ús ferieningen wer stipe ha troch de oaljekoeken te keapjen tige tank sizze. Ek wolle we graach de minsken dy’t ús holpen ha mei it bakken, miksen, rûnbringen en opromjen tank sizze foar jimme hulp! Wy binne hjir tige wiis mei en kinne sizze dat we troch dizze aksje in prachtich bedrach fan € 600,- per feriening oan de klubkas tafoegje kinne. Foar no: bliuw sûn, en wy hoopje yn desimber wer op in “gewoane” wize de oaljekoek-ferkeap te organisearjen mei foaral de gesellichheid yn en om de Wjukken. Mei freonlike groetnis, Keatsferiening Jacob Klaver en Kuorbalferiening WWC

22 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication