23

februari 2021 23 Jacco hat it allegear even neirekkene: hy wie 17 jier doe’t er de foaroplieding foar de plysje-akademy die. Hy is no 20 en hy is al in aardich ein fierder mei syn oplieding. Hy is net op de plysje-akademy bedarre, dat wie in swier trajekt, mar hy hat keazen foar de 2-jierrige MBO-oplieding HTV (Handhaving, Toezicht en Veiligheid). Op dit stuit sit er yn it earste jier fan de 4-jierrige HBO-oplieding ‘Integrale Veiligheidskunde’ oan de NHL Stenden Hogeschool. Dat betsjut freeds nei skoalle en op de oare dagen wikseljende tsjinsten en dêrnjonken selsstúdzje. In ideale komby, fynt Jacco. Dit is in brede oplieding: kinst net allinne by in gemeente komme te wurkjen, mar bygelyks ek by in bank, foar fraude-opspoaring. En wa wit, miskien docht er yn de takomst dochs noch de oplieding foar plysje. Hy is noch hartstikke jong, alle opsjes lizze noch iepen. Doe’t Jacco dwaande wie mei de MBOoplieding is er al yn ‘e kunde kommen mei syn takomstige wurk: hy rûn 10 wike staazje by de gemeente Súdwest Fryslân en 8 wike staazje by de gemeente Zaanstad. By beide gemeenten rûn er fan moandeis oant en mei freeds mei de hanthavers mei, sadat er sjen koe wat it wurk ynhold. Op dit stuit wurket Jacco by de gemeente Súdwest Fryslân, en as der ien entûsjast fertelle kin oer syn baan, dan is it Jacco wol. Fan’t simmer is er mei syn wurk as hanthaver begûn mei de ‘kermis’ dy’t yn Snits wie. Dat wie foar reguliere hanthaving en foar tasicht hâlde yn ferbân mei de koroanamaatregels. It komt der dan foaral op oan dat je mei de minsken yn petear gean as se harren net oan de regels hâlde. Ien ding is seker: de minsken ha dit jier faak wol ‘koartere lontsjes’ krigen. It wurk op strjitte sprekt Jacco tige oan: gjin dei is gelyk. Hja krije harren opdrachten fan de meldkeamer; dan moatte se bygelyks in dei parkearde auto’s neigean, mar it kin samar wêze dat der wat oars tusken troch komt: stellerij, in reanimaasje of in ûngelok. Yn dy gefallen dat by in ûngemak of in reanimaasje de hanthavers al earder as de oare helpferlieners te plak binne, dogge hja de earste helpferliening, en as de ambulânse of de plysje der dan is soargje de hanthavers der foar dat de omstanners op in ôfstân bliuwe of hja sette de dyk ôf. Jacco hat uteraard in EHBO-diploma, dat er om de twa jier opfrisse moat. Aldjiersjûn Mei âld en nij hie Jacco tsjinst yn de stêd Snits sels. Der hong wol wat in grimmige sfear, mar it gong benammen om brantsjes, karbydsjitten en fjoerwurk. En dat betsjutte dat it dit jier meast yllegaal fjoerwurk wie – it iennichste legale fjoerwurk dit jier wiene ommers eins allinne mar de stjerkes dy’st by de Action keapje koest… Foar de kenners: it fjoerwurk yn de kategory 1.

24 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication