43

februari 2021 43 Ofskie Siebolt Dykstra – ús korrektor Jierrenlang hat Siebolt Dykstra him ynset foar Mandeguod. Hy hat wol stikjes skreaun foar ús doarpskrante, mar de lêste jierren hat hy foaral de korrektor fan de Frysktalige stikken west. Siebolt hat no oanjûn dat hy graach in punt sette wol achter syn aktiviteiten foar Mandeguod. Hy set him altyd foar in protte saken yn, mar hy streket no dus wat fan al syn aktiviteiten troch. Mar, sa skriuwt Siebolt: “Jimme hoege der net ûngerêst oer te wêzen dat ik my takom jier ferfele sil, der bliuwt noch wol it ien en oar oer om my fan de dyk te hâlden.” Oer de jierren hawwe ferskate redaksjeleden him meimakke, mar elk is it der oer iens dat it altyd noflik gearwurkjen wie mei Siebolt. Wy winskje him in moaie tiid ta en wy hoopje dat er it straks dan in bytsje rêstiger oan dwaan kin! De Mandeguod-redaksje

44 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication