5

februari 2021 5 Alle moannen stjoere entûsjaste Mantgumers de moaiste foto’s nei Mandeguod. Dêr binne we tige bliid mei, want de mannen fan de lay-out kinne dan mar útsykje út al dy moaie plaatsjes. Allinne it spitige fan de saak is dat der mar in stik of wat fan dy foto’s brûkt wurde kinne, omdat de Mandeguod oars alle moannen wol 30 siden tsjokker wurde soe… Faak krije we ek foto’s mei de opmerking dat dy moai foar it foarblêd wêze soe. En dêr ha se eins altyd ek gelyk oan – allinne, we ha mar ien foarblêd… Dochs wolle wy jimme net ûntmoedigje om foto’s te stjoeren – we binne wiis mei elke foto. Der sitte soms echt juwieltsjes by! Fierders hoopje wy dat jo ek dizze kear mei nocht yn de Mandeguod fan febrewaris lêze sille. Der sit faaks alle kearen wat by dêr’t jo noch gjin weet fan hiene! Ut namme fan de redaksje, Lys Scarse

6 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication