Februari 2023 3 Unsichtbere problemen Yn it wykein fan 14 jannewaris wie yn it nijs dat hurdfytser Lieuwe Westra ferstoarn is. 40 jier en fansels fierste jong. Hy hie lêst fan depresjes en it hat der de skyn fan dat dat de reden is fan syn dea. De dagen dêrnei wie syn dea in protte yn it nijs. Minsken skrikke der dochs fan as ien der net mear is troch mentale problemen. Ik ek. Je sjogge it net oan de bûtekant en dan komt soks as in skok. Mar wêrom prate minsken der net oer? Ik tink dat it komt omdat minsken mei sokke klachten tinke dat de bûtenwrâld fynt dat it ‘tusken de earen’ sit. En wa hat no sin oan praat fan ien dy’t it libben allinne mar negatyf sjocht? Ut sifers docht bliken dat 3,3 miljoen minsken yn Nederlân lêst ha fan mentale klachten. Under jongerein is dit persintaazje sa’n 30 oant 40 prosint (bron: RIVM). Dus ek hjir yn it doarp en by dy yn de strjitte binne mear minsken dy’t lêst ha fan stress, eangstklachten of burn-out dan dasto tinkst. Spitigernôch is dit net in ûnderwerp dêr’t je maklik oer begjinne op strjitte of by de kofje. Dochs helpt it as je fertelle wêr’t je mei sitte. En dat der dan triennen komme, so what? Bist dochs minsk foar! Oké, ik sis it no as gelokkich persoan wol hiel maklik. Mar út eigen ûnderfining kin ik sizze dat it helpt as je der iepen oer binne en der mei oaren oer prate. Ek bûten de geastlike soarch om. Sykje help, belje mei de húsarts, praat mei minsken om dy hinne en skamje dy der net foar. Ek yn de Doarpskeamer yn de Wjukken kinst terjochte mei dyn soargen, fragen of gewoan foar in praatsje. Want yn elk doarp binne der dingen der’t minsken mei yn ‘e mage sitte, saken dy’t om hûs en hear barre dêr’t je perfoarst net bliid fan wurde, soms grutte, soms lytse problemen. Mei help fan de wykagint en oare belutsen minsken binne der dochs al in tal kearen oplossingen socht èn fûn. Dêrom: praat der oer! Hoe grut of hoe lyts dyn problemen ek binne, de minsken fan de Doarpskeamer besykje om mei dy ta in oplossing te kommen. Tink in bytsje om elkoar en oardielje net te gau. Soms sit der mear efter dan datst fan bûten sjen kinst. Maaike Kuipers Redaksje mandeguod Prakkesaasjes fan de redaksje
4 Online Touch Home