50

50 Mandeguod It plaatsje mei in wyt houten hûs hat Jan kocht op de Lofoten yn Noarwegen doe’t er mei de sus fan Joke fan Trondheim nei Leknes op ‘e Lofoten ta sylde lâns de Noarske kust. Jan syn âldste soan wie ek mei op de Hansa sylboat fan sa’n goed 10 meter lang, in hiel moai aventoer. Foar it jier 2023 hinget der in kalinder fan Noarwegen oan de muorre. Sûnt 1974 wennet sus Richtsje dêr en mei dêrom geane wy der graach ris hinne. Yn jannewaris 1997 hat Joke de alvestêdetocht riden, der hinget in board Makkumer diggelguod mei 3 reedriders as oantinken. Doe’t wy yn 2015 ferhuzen nei It Stalt krigen wy fan Janneke Hengst in skilderijke mei de kust fan de Iselmar by Aldemardum. In prachtich skilderijke fan it gloaiende lânskip fan Gaasterlân, te sjen fanôf it Minnespaed by Aldemardum. Foaral in leaf gebear om dit skilderijke fuort te jaan. Joke is hiel bekend mei dy omkriten, har âlden

51 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication