Ek de mole op it ein fan de iisbaan ferge ûnderhâld. Berduszek (dy’t yn it lêste hûs fan de Skillaerderdyk wenne, de helte fan it hûs dêr’t Johan en Aaltsje van der Werf no wenje) hie de noed oer de mole en it meallen fan de mole. Dy mole sil yn 1967 pas ferfongen wurde troch in elektryske pomp. Yn dy tuskentiid wie de baan ek breder makke: ein 1964 hat it hiele doarp yn it spier west om de baan te ferbreedzjen. Dy nije dyk moast earst noch ynklinke, en wie de earste jierren noch lek, mar it is noch altyd itselde dykje dat no noch om de iisbaan leit. It iisklupbestjoer gong wol mei syn tiid mei: wie de ferlottingspriis eartiids in pear redens, nei de oarloch waarden rokersprizen beskikber steld. Soks soe no ek al net mear kinne! En wiene de bestjoersleden en de besikers fan de gearkomsten ynearsten allinnich mar manlju, op 9 desimber 1958 kamen Eelkje Spoelstra en Ruurdtsje Wiersma as earste froulju op de gearkomste. It soe lykwols noch oant desimber 1993 ta duorje foardat Grytsje de Vries-Draaijer as earste frou yn it iisklupbestjoer kaam. Ek it ûnderwerp muzyk en ferljochting op de baan kaam eins alle jierren wer te praat: ein fyftiger jierren waard in bandrecorder oantúgd mei alles dat der by hearde. Dy wie ek bedoeld foar de oare ferienings yn it doarp. De ferljochting waard op in stuit oplost troch in pear trekkers dy’t jûns de baan byskynden mei harren grutte ljochten. Mar de trekkers koene wer nei hûs doe’t yn 1966 ferljochting oankocht waard: 8 peallen mei lampen fan elk 500 watt. Al sûnt de oprjochting fan de iisklup wie it opsetten fan in tinte of in hokje altyd in punt fan diskusje. Mar soks wie fansels in djoere oangelegenheid. Yn 1934 wurdt in plan foar in hokje ek wer ferwurpen fan wege de kosten: “Zo’n tent zou de vereeniging de noppen van de kleren houden.” Ast de stikken neilêst ha der úteinlik ferskate tinten tsjinst dien, soms yn kombinaasje mei de keatsklup, mar sûnt de simmer fan 1993 stiet der by de iisbaan in twadde hâns garaazje dy’t as smûk klaaien muzykhokje tsjinnet. Fansels binne der yn it Notulenboek noch folle mear aardige en nijsgjirrige saken te lêzen - it boek is by Johan yn te sjen. Mar 10 | Mandeguod februari 2024
11 Online Touch Home