Hassiebassie 2023 Kuierje, drave en dûnsje op âldjiersdei Sa’n hûndertfyftich kuierders en hurdrinners rûnen op âldjiersdei de Hassiebassie-tocht. It wie de sande kear dat stifting Doch Dyn Dream dizze tocht organisearre. Tema fan dit jier wie ‘âld-Hollânske 11-spullen’; yn de Wjukken en ûnderweis koene dielnimmers spultsjes dwaan mei (of tsjin) harren meirinners: knikkertspultsjes, stokfange, wibelplanken, der kaam fan alles foarby. Nei de edysje fan 2022, koe it waar net minder en meastentiids wie it ek drûch ûnder de kuiertocht oer 2,5 of 10 kilometer. Underweis stie fansels in Hassiebassie (Bearenburchje) klear en foar de jongere dielnimmers wie der sûkelademolke. By oankomst yn de Wjukken waard snert útdield en koe der noch efkes neipraten en dûnse wurde op de muzyk fan ‘It Takes Two’ út Easterein. Opbringst en wat mei it jild dien wurdt In moaie dei, mei in moaie opbringst foar stifting Doch Dyn Dream; ryklik twatûzen euro waard ophelle, jild dat folslein bestege wurde sil oan (wees)bern yn Kenia. Dit jier sil it jild bestege wurde oan nije skoalboeken foar de bern fan de Doch Dyn Dream skoalle. It bedrach dat nedich is foar nije boeken is yn totaal in lytse fjouwertûzen euro. Stifting Doch Dyn Dream is in stifting fan de Mantgumers Skelte en Wytske. Sy sille mei oare aksjes en donaasjes sjen oft sy it bedrach foar de boeken fierder by elkoar krije kinne. De kuiertocht en alle donaasjes ha yn elts gefal in hiel grutte bydrage west, tige tank! Wytske Vermeulen en Skelte Anema Mandeguod februari 2024 | 13
14 Online Touch Home