De filtkursussen dy’t sa no en dan yn de Wjukken jûn wurde, joegen Annet ek de kâns om wat mear Mantgumers tsjin te kommen. Want dat is der mei alle ferbouwingsdrokte noch net sa bot fan kommen. Annet hat wol meidien oan de bootcamp-sessys hjir op it sportfjild – ek in manier om minsken kennen te learen. “Ik ken vanwege mijn werk natuurlijk al verschillende boeren hier in Mantgum”, fult Dick oan. Tidens al dy ferbouwings hiene se ek noch oare leuke drokte: de âldste dochter troude. It like de dochter moai om it feest yn de skuorre te hâlden, mar dat seach Dick net sitten. “Ik regel een mooie tent voor jullie, en er is ruimte genoeg om de boerderij heen.” It waard in prachtige dei mei in soad gasten yn de tinte yn it lân, en ta beslút hat buorman Okkema it breidspear (yn fol ornaat) noch yn in moaie wein troch de buorren riden. En de Bed&Breakfast dêr’t Annet sa’n soad wille oan belibbe yn Winsum? Wel, yn de pleats op Skillaerd sit yn de hoeke fan de foarein in selsstandich appartemint. Dat is no it plakje foar de B&B. “En it leuke is”, fertelt Annet, “de fêste gasten dy’t altyd yn Winsum kamen, komme no by ús hjir op Skillaerd.” Al mei al ha dy twa – mei al dy bisten om harren hinne – it hjir poerbêst nei ’t sin! Lys Scarse Mandeguod februari 2024 | 25
26 Online Touch Home