flier en waard der tige gesellich neipraat. Op sa’n dei (en fansels ek op alle oare dagen) kinne we tige grutsk wêze op sa’n multyfunksjoneel gebou as de Wjukken. Ek hulde foar de frijwilligers dy’t der foar soargen dat alles rûn as in trein! Út de positive reaksjes nei ôfrin kinne we opmeitsje dat it in machtich moai feestje wie. Miskien de earste fan in jierlikse tradysje? Noch efkes werom oer Boppeslach; hoe fierder? De finansjele saken binne ôfrûne. Alles is netsjes binnen de stelde kaders ferrûn. Der binne noch in pear saken dy’t de kommende moannen noch tiid en oandacht freegje. Der moat noch in lyts stik paad straten wurde en hjir en dêr moat noch wat herstelwurk ferjochte wurde. Ek sil noch in driuwende steiger oanlein wurde. It soe moai wêze dat foar dizze putten de frijwilligers wer yn aksje komme sadree’t it waar it ta lit. Sjoen hoe’t de Mantgumers it ôfrûne jier gearwurke ha, komt dit grif goed. Mantgum kin grutsk wêze op harren “Mei elkoar – foar elkoar” mentaliteit! Baukje, Korrie, Karin, Jelmer en Jant Mandeguod februari 2024 | 39
40 Online Touch Home