44

nêsten te finen. Ek folgest de ûntwikkeling fan in nêst. Komme de aaien út of wurde dizze bygelyks opfretten troch in rôver. Registraasje fan de nêsten bart fia in app. Binnen it wachtgebiet binne meiinoar sa’n 30 neisoarchgebieten dêr’t wy mei in team fan neisoargers soargje foar registraasje fan de nêsten en oare aksjes foar de beskerming fan greidefûgels. As de situaasje der om freget sette we bygelyks stekken as kin der in drone ynset wurde om nêsten te finen om in gebiet frij te jaan foar meanerij. Wat is it belang fan neisoarch / de registraasje fan nêsten? • De boer kin der rekken mei hâlde yn de bedriuwsfiering (meanen, beweidzjen ensfh.). • Registraasje is nedich foar it útkearen fan behearfergoedings oan de boer. • De sammele gegevens wurde brûkt foar monitoring. Wat wurdt der fan dy ferwachte? • Do fielst dy ferantwurdlik foar dyn neisoarchgebiet en makkest tiid om ûngefear ien kear yn de twa wiken yn it fjild te wêzen yn de perioade fan heal maart oant heal july. • Do stiest yn kontakt mei de neisoarchkoördinator en de boer. • Do registrearst nêsten yn de app. Ast wat fan dy hearre litst, dan nimme wy kontakt mei dy op om te ferkennen wat dyn ûnderfining en winsken binne. Wy kinne dan mei­inoar it ferfolch betinke. Werom is neisoargjen sa moai, fine wy? • Troch dyn taak as neisoarger hast in moaie reden om yn it fjild te wêzen en op plakken te strunen wer’st oars nea komst. Do learst oer de fugels, it fjild en learst dyn omjouwing better kinnen. • Leverst in konkrete bydrage oan de natuer om dy hinne. • Komst yn ‘e kunde mei boeren, fjildminsken en oare minsken mei deselfde ynteresse. • Efkes de kop leech... Wat binne minne redenen om neat fan dy hearre te litten? Der binne dochs hielendal gjin fûgels mear? Tja, der hawwe wolris mear fûgels west, mar just derom is de oandacht foar de fûgels en beskerming fan nêsten fan belang. Boppedat binne der yn ús wachtgebiet sterke greidefûgelkearnen. Der sitte dochs allinich mar âlde manlju by de fûgelwacht? Mear manlju as froulju, dat kloppet. Mar lang net allegear âld. Man, frou, jong en âld is wolkom! ­ Ik fyn it wol moai, mar wit net oft ik it wol kin... Hindert neat. Wy nimme dy graach mei it fjild yn. Leare troch te dwaan. ­ Ik fyn it wol moai, mar ha it drok, drok, drok... Dan is dit krekt wat. Even in slach troch it fjild om te genietsjen fan de fûgels en it foarjier om dyn kop leech te meitsjen. Ast 44 | Mandeguod februari 2025

45 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication