49

talen foarlêzen. Om’t it as in folslein nije beukerskoalle útein sette, moast der earst noch in hiele nije ynventaris oantúgd wurde. Bepaalde eveneminten sprongen der út yn Juf Veltman har herinneringen: doe’t Keningin Juliana yn 1975 op wurkbesite yn Mangum kaam, stiene de juffen en de beukers allegear op it plein mei goudkleurige feesthuodden op. Of dy kear dat se mei de beukers it fjild yn gong – se warskôge de bern om foarsichtich te wêzen, mar sels glied se yn har nije ljochtblauwe spikerbroek út yn de kowestront. Moatte je as juf eins altyd kalm bliuwe en net yn panyk reitsje – it is har al in kear ûntkommen doe’t de kraan by it oanrjochtsje yn it lokaal stikken gong en it wetter oeral hinne spuite. Hals oer de kop nei de heit fan ien fan de bern, buorman Van der Spek. Dy kaam rêstich oankuierjen: “Waar is de hoofdkraan?” Doe wie it leed gau foarby. Húsbesite by de âlden fan alle bern wie yn dy tiid ek fêste prik. Wat tsjintwurdich ek net mear sa is: it hiele skoalplein wie destiids betegele. Fjouwerkante blokken mei ljochte tegels en reade bakstiennen iderkear as skieding. In skoalplein bestiet no ek altyd út in hoeke gers om yn te boartsjen. Yn de hjerst fan 1976 krige se in nije baan en ferhuzen Juf Veltman en har man Reitze nei Hippolytushoef. Juf Klaasje de Jong waard har opfolchster. Net sa lang dêrnei waard de nije basisMandeguod februari 2025 | 49 skoalle ‘De Gielguorde’ iepene, en de beukerskoalle waard dêr yn yntegreard. It spiet Juf Veltman tige dat se net by de iepening fan De Gielguorde wêze koe: de ynspeksje easke foar har nije skoalle sa’n soad tiid foar it meitsjen fan skoalwurkplannen, lesroasters en wat al net mear, dat se it net sitten seach om dy deis nei Mantgum te reizgjen. Mar it pearse plankje die har en Johan wer tinken oan dy moaie Sinnepit­tiid. En dy iene foto mei al dy beukerkes – Johan en Heleen ha by elk gesichtsje eins wer in namme fine kind. Dat wolle we jimme net ûnthâlde. Johan van der Werf en Lys Scarse

50 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication