Frisia 1874 – 2024 Tusken Tsjerke en Kroech 2024 Sûnt it begjin fan ús TTeK-kultuerkuiers troch it doarp hawwe dy plakfûn yn ’e earste wike fan april. Mar troch alle drokte om Corona hinne is de regelmaat der wat útrekke. Om dy reden hawwe wy as bestjoer yn novimber in lyts TTeK-barren organisearre om sjen te litten dat wy der noch binne! En benammen dit jier, 2024, is der alle reden ta om opnij in tocht te organisearjen, want ús “reciteergezelschap” bestiet op ’e kop ôf hûndertfyftich jier! Allinne, wy resitearje net mear en ek wurde der gjin jûnfullende toanielstikken mear spile. De geast fan ’e tiid, sille wy mar sizze. Foar de organisaasje fan in komplete TTeK-kuier is tiid noadich en dan is april wat nuodlik. Om dizze reden hawwe wy besletten it tiidstip fan de tradisjonele TTeK-tocht te fersetten nei wat letter yn it jier, nei sneon 1 juny 2024. Dit hat ek it foardiel dat der wat bûtendoar organisearre wurde kin, in optreden yn in tún bygelyks. Yn it foarige hawwe wy ek wol dingen bûtendoar hân, mar dan wie it soms glûpende kâld, yn juny is de kâns op moai waar in stik grutter. De tariedings binne al wer yn folle gong, wy hoopje jimme yn juny in ôfwikseljend en boeiend programma foarsette te kinnen! It bestjoer fan Frisia 1874 Mandeguod maart 2024 | 15
16 Online Touch Home