47

Ek Jennie Terpstra, Amarins de Groot en Rixt Baarda mochten nei foaren komme. Sy wûnen yn Jorwert ferrassend it NK Froulju. Nei de priisútreiking dêr wie de medaille foar de feriening wol even kwyt. In moaie fraach foar de pubkwis. Fansels wie der ek oandacht foar GertAnne van der Bos. Hy stopt mei keatsen. De oanwêzigen mochten riede as hy of soan Rijn de measte krânsen wûn hie ôfrûne jier. Gert­Anne krige foar alle trije fan syn bern in moai t­shirt mei in tekst. Wa’t witte wol wat der op stiet moat kommend jier marris op it sportfjild komme te sjen. Ek de winner fan it kompetysjekeatsen waard bekend makke. Mar wa’t dat no wie? Jouke B., Wisse A. of Jouke W.? Mei in ‘Wie van de drie’ kaam úteinlik toch Wisse as winner út de bus. Ek hy krige in kado. Welke groep de winner fan de pubkwis waard die der net ta. It wie in gesellige jûn dy’t oant yn de late uurtjes trochgie. Goed foar de omset fan de Wjukken! Noch hertlik dank foar ús fantastyske kwismasteresse Doete Stenekes en har eigen “Leontien” Maaike Kuipers (lêst neamde hat ek dit ferslach foar ús makke). Maaike Kuipers en bestjoer KF Jacob Klaver. Mandeguod maart 2026 | 47

48 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication