21

april 2021 21 Wat hinget der by dy oan ’e muorre? Tekst: Hendrik Grunstra Myn namme is Hendrik Grunstra en ik bin troch Jan Terpstra frege oft ik ek wat moais yn hûs hie wêr’t ik wat oer fertelle woe. Yn 2015 ha ik in hûs kocht oan de Ponge en as alderearste ha ik in nammebuordsje ophongen, dit ha ik fan myn pake erfd. Myn pake hjit ek Hendrik en fandêr dat ik dit nammebuordsje hawwe mocht. De foargeande generaasjes fan de famylje Grunstra komme út Gau en dêr hat it buordsje ek jierren oan de muorre hongen. It is net foar neat dat Pake en ik beide Hendrik hjitte, wy binne nammentlik beide ferneamd nei ús pake. Yn de Grunstra famylje wikselje de nammen Hendrik en Pieter elkoar nammentlik ôf. Jo sil wol tinke, wat hat dizze jonge dan fan Gau nei Mantgum brocht. Earder wie ik altyd lid fan kuorbalferiening ‘De Lege Geaën’ mar yn 2010 is dizze klub dermei opholden. Dochs woe ik graach kuorbaljen bliuwe dus bin ik lid wurden fan WWC yn Mantgum. Nei in tal jierren waard it foar my tiid om út hûs te gean, ik hie al kunde yn Mantgum en de fasiliteiten lokken my oan. Ek stie der in hûs dat my krekt paste, sadwaande bin ik yn Mantgum bedarre. Sûnt begjin 2021 wenje ik tegearre mei myn freondinne Lyske, it nammebuordsje fan myn Pake kriget in nij plakje en by de doar komt in nij buordsje mei de nammen fan ús beide. Sa ha tiden tiden. Yn it maaienûmer sjogge jim wa’t it stokje fan Hendrik oernimt foar it folgjende ferhaal.

22 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication