29

april 2021 29 Berjocht fan de Provinsje Fryslân Provinsje ûndersiket dyk Snits-Ljouwert Ride jo geregeld fan Ljouwert nei Snits of oarsom oer de N354? Reizgje jo leaver mei it iepenbier ferfier fan en nei Snits? Of wenje jo deun by dy dyk? Om ynsicht te krijen yn wat de ûnderfinings fan de mienskip mei dizze provinsjale dyk binne, stiet der in fragelist online. De N354 tusken Snits en Ljouwert is in wichtige ferbining yn Fryslân. “Wy ûndersykje hoe’t wy dy dyk feiliger meitsje kinne, hoe’t wy it trochstreamen fan it ferkear gâns ferhastigje kinne en oft wy beide doelen tagelyk realisearje kinne”, seit deputearre Avine FokkensKelder. Mei help fan de útkomsten fan de fragelist bringt de provinsje yn kaart hoe’t it ferkear op de hjoeddeistige N354 yn de takomst feilich én fluch ride kin. Omdat der ek oare diken en rûten yn it gebiet tusken Snits en Ljouwert binne, binne dy ek yn it ûndersyk meinommen, krekt as de rol fan de fyts en it iepenbier ferfier. De enkête is hjir te finen: www.fryslan.frl/n354. Neiskrift fan de redaksje: Is it net sa dat der net echt gefaarlike diken binne, mar wol ‘gefaarlike’ automobilisten dy’t omdat se te hastich of te ûngeduldich binne ta gefaarlike situaasjes liede? Is nóch mear asfalt de oplossing? Boppedat, der is ek in prima treinferbining tusken Snits en Ljouwert – sûnt koart ride der yn de spits sels twa sneltreinen yn ‘e oere. Wurdt it net heech tiid om de foarkar te jaan oan it iepenbier ferfier yn stee fan sûnder der by nei te tinken mar wer yn de auto te stappen? Moatte we net foarrang jaan oan feilige fytspaden yn stee fan iderkear mear romte te jaan oan de auto? Mei oare wurden: As jo it der no wol of net mei iens binne, folje dizze enkête fan de provinsje yn!!!

30 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication