37

april 2021 37 Samen hoopvol het nieuwe jaar in Eltse maitiid by it hearren fan de earste fugellûden, hoopje ik dat se ûnderweis binne. Dwers troch Afrika en oer de Sahara, sweef ik yn tinzen in lyts bytsje mei se mei. En dan ein april binne se wer te plak; yn harren nestje dat al jierren heech boppe ús foardoar tsjin de muorre oanplakt sit: de swellen. Dan giet der al rap in appke de wrâld yn: se hawwe it wer oprêden, ús sweltsjes binne wer thús! Dan begjint in nije foarm fan hoop. Wannear we hiele lytse aaidopkes fine witte we it seker. En duorret it net lang mear foar’t we se hearre en sjogge, de lytse kopkes stekke krekt boppe de râne út. De âlders fleane hinne en wer, hawwe it no smoardrok. Op nei de earste fleanlessen, se litte har fan sa’n 9 meter heech gewoan út it nest falle en hawwe yn harren lytse lyfkes in soad hoop: dat se driuwe op’e wyn, dat der genôch michjes binne. En dat der in nêst is dat yn in doarpke yn it noarden op harren wachtet. Us glêzewasker hat niks mei myn hoop op de swelledûns op in moaie simmerjûn. Hy hat gauris hifke dat er it nêst moai fuorthelje kin, hy kin der sa skoan by mei syn lange ljedder. Mar nee, hy mei net oan it ‘hoopke’ komme. Zo nu en dan horen we iets van de Hoop­schriften en hun reis die ze door het dorp en langs verschillende mensen maken. Van de reacties van de mensen die ze weer een zetje meegeven op hun reis, worden we warm en blij. En nu april begonnen is hopen wij de schriften binnenkort weer terug te krijgen. Wilt u ze weer bij ons inleveren? Seerp van Galemawei 25 of De Grêft 7. Alvast bedankt! We zijn al druk aan het nadenken over een vervolg, en ook van de ‘schriftenvullers’ krijgen we mooie ideeën aangereikt. We houden u op de hoogte, Gudula van Beem en Boukje Jilderda.

38 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication