3

Noor, ús jongste pake- en beppesizzerke seach him it earst: hy lei op it terras, in finkje, mei werklik pràchtige kleuren. Mar… kroandea. Wierskynlik wied er tsjin in rút oanflein. Noor en ik ha him yn in bakje lein op in sêfte doek. Want soks heart sa, fine wy. De oare deis ha ik him bedobbe ûnder de magnolia yn ús foartún. Dat hie ik Noor beloofd: ûnder de magnolia wêr’t ek alle rotsjes bedobbe lizze. Noor wit hoe’t it libben rint: ek al wie se nòch sa wiis mei ús Ydwine har rotten, sokke bistkes libje net sa lang… En boppe dat bistetsjerkhôf stiet út magnolia prachtich yn bloei. Want it ein fan it iene jout ek faak wer it begjin fan it oare oan. Want it liket dat de maaitiid no dòchs wol in bytsje begûn is. Net langer fan dy reinige dagen, kinst no wer ris op in lij plakje yn de tún sitte mei in bakje kofje. En mei de Mandeguod. Der steane wer genôch nijsgjirrige ferhalen yn dizze Mandeguod. Wat ik persoanlik hiel aardich fûn wie it ferhaal oer de famylje dy’t no op It Bosk nûmer 3 wennet. Myn freondinne Janneke – ja, kloppet, de dochter fan Klaas en Jaantsje Albertsma – wenne dêr. Dêrfoar hiene se in winkel yn it hûs oan de Fearhûshoeke (wêr’t no Imy Kroon wennet), mar de winkel oan It Bosk wie fansels gâns grutter. Foar Mantgumer begripen dan, hè! Ik ha dus faak yn dat hûs west. In jier as 20 lyn ha Janneke en ik noch ris mei de foar-foarige bewenner troch it hûs west. Wat tige wurdearre waard troch de destiidske bewenner, want Janneke wist wêrom’t bepaalde dingen yn it hûs krekt sus of krekt sa wiene. En wêr’t dy bewenner destiids in B&B hie (yn it âlde koetshûs) hie Klaas de klompen en de peteroalje-opslach. Dan is it prachtich om te lêzen dat de bewenners fan no harren ek wer tige thús fiele yn sa’n hûs dêr’t in hiel soad foarige bewenners harren èk sa thús fielden. Lys Scarse. Mandeguod april 2024 | 3 Prakkesaasjes fan de redaksje

4 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication