15

Underwilens wie it tige gesellich. De humor fleach oer en wer by de trije mannen en ek it “publyk” hie der niget oan! Al nifeljend hiene wy ek noch tiid foar in moai petear. Ik ha Frysk mei de man praat, mar ek Maleis! Hy is berne yn Indonesië en Beitske en ik hawwe wenne en wurke en Maleis leard yn wat doe noch “Nederlandsch Nieuw-Guinea” hiet! Beitske krige help fan in “poppedokter”. Dy bestean amper mear, stie ferline wike yn’e krante. Dizze meiwurker dy’t alle mooglike technyske problemen fan hjoeddeistige apparaten oplosse kin, “ûntpopte” him lykwols ek as in poppedokter! It wie net maklik, mar it slagge him de beide earms wer fêst oan it poppeliif te krijen. Wy krigen as “niksdwaners“ ek noch kofje mei gebak oanbean om’t der doe krekt wat te fieren wie! Wy hiene in kostlike jûn! En dat yn dizze rare tiden! Je knappe der suver sels ek fan op yn dit “opknapkafee”. Tige tank! Oant sjen! Tot ziens! Sampai bertemu lagi! Hindrik en Beitske van der Meer, Jorwert Mandeguod april 2026 | 15

16 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication