“Witst wol dat de gemeente Ljouwert op nûmer 33 stiet fan de ‘onderwereldkaart’ fan RTL Nieuws?” frege ien my. No ha ik net safolle mei siferkes, mar dat we yn de hegere regionen fan sokke kaartsjes steane is dochs gjin reklame. No is in doarp as Mantgum fansels net te fergelykjen mei de stêd Ljouwert, mar dochs moatte we miskien ris in kear foarsichtich om ús hinne sjen. Jierren lyn waard der hjir midden yn de buorren ek al ris in weedplantaazje oprôle troch de plysje. Ien fan de buorlju hie it al lang murken: “It soldersrút wie altyd beslein…” En dat wie noch fier foar de tiid dat minsken in kamera oan harren hûs hingjen hiene. Want dan kinst soms ek bepaalde aktiviteiten sjen dy’t it deiljocht net ferneare kinne. Mar it is ek noch net sa lang lyn dat we yn Littenseradiel wennen. Yn wat jierrenlang de feilichste gemeente fan Nederlân wie. No seit soks ek net alles fansels, want it wie yn dy snuorje dat op in jûn myn fyts fan ús paadsje stellen waard. Hy stie tsjin de stoepe oan, dus dan moatst it knarsende grindpaad op en del rinne om dy fyts te stellen. Wylst wy thús wiene, mei de ljochten oan. No wie it in âld fyts, mar sa yn de buorren wie it wol handich. En nee, noait wer werom sjoen. Ek al hie ik it melden by politie.nl of soksawat. Mar sis no net dat dat noait wat jout omdat de plysje dêr neat mei docht. Want doe’t ús Tsjimk yn Kampen oan de keunstakademy studearre is se wol 2 of 3 fytsen kwytrekke. Nee, net dy fyts dy’t se as stúdzjeprojekt hielendal omhaakt hie – it frame, de speaken, it pakjedrager, alles wie keurich en fleurich omhaakt. Nee, sa’n fyts wurdt net stellen, want dy kinst net fluchfluch even oerspuitsje yn in oar kleurke. Nee, dy twaddehâns, merk wist ik noch krekt wol, mei in rakje achterop it pakjedrager. Dat ik skode mar wer achter de kompjûter om it by politie.nl te melden. Ta Tsjimk har grutte ferbazing waard se in pear wiken letter belle troch de plysje: se hiene har fyts fûn! Se moast noch wol twa wike wachtsje foar it gefal der immen opdaagjen kaam dy’t de fyts eventueel ‘te goeder trouw’ kocht hie. Mar dy kaam net, dat doe hie se dy fyts mei it rakje achterop yn alle gefallen wer werom! It is lykwols huveringwekkend wat mei ‘ondermijnende criminaliteit’ fan dwaan hat: drugs, wapens, skulden, kwetsbere jongeren dy’t foar jild ronsele wurde foar smoarge putsjes, hennepplantaazjes yn loadsen of pleatsen, of miskien wol yn it sliepkeammerke fan dyn buorlju… Dêr is in stellen fyts dan eins neat by… Hast der allinnich in soad argewaasje fan… Lys Scarse Mandeguod april 2026 | 3 Prakkesaasjes fan de redaksje
4 Online Touch Home