14

It keatsseizoen wer los! It sil jimme net ûntgien wêze, de bal rôlet alwer op it keatsfjild!! De jeugd van KF Jacob Klaver is begjin april alwer úteinset mei de fjildtrainingen yn oanrin nei de earste wedstriden fan it nije keatsseizoen 2024. Ek yn de winter hawwe de keatsers net stilsitten en waard der mei de wintertrainingen yn de seal fan Easterein al wurke oan behâld fan de technyk. In moai inisjatyf fan de jeugdkommisje. De senioaren fan Jacob Klaver meie lykas ferline jier wat langer genietsje fan de winterstop. Hoewol’t ik tink dat guon keatsers net hielendal stil sitten hawwe. De ambysjes binne wer grut. Sawol by de jonges en famkes, de Freule en Ald Meijers partij fan ôfrûne jier smakket nei mear, mar ek de 50+ sil der wer op út. It folsleine keatsseizoen fan it keatsbûn sil úteinsette mei de earste wedstriden yn de lêste wike fan april. Foar ús keatsferiening is dit wer it startskot fan in moaie keatsaginda. Grôtfol mei aktiviteiten. Liket it dy no moai om ek ris mei te keatsen? Meld dy oan as lid of freegje nei de mooglikheden foar in proeftraining. Oant sjen op it keatsfjild! Bestjoer KF Jacob Klaver 14 | Mandeguod mei 2024 Wat stiet der op it programma bij KF Jacob Klaver Jeugdtraining: De trainingen foar de jeugdkategoryen binne op moandeitejûn en wurde begelaat troch de trainers fan Jacob Klaver. Groep 3 en 4 fan de basisskoalle fan 17.15 – 18.00 oere, de rest fan 17.00 oant 18.00 oere. Freeds sil der wer romte wêze foar in frije training (beheinde begelieding). Kompetysjekeatsen senioaren: Freed 26 april begjinne we wer mei it kompetysjekeatsen. Elkenien dy ’t lid is fan Jacob Klaver en him om 19.25 meldt by de kompetysjelieders op it keatsfjild, kin meidwaan. It kompetysjekeatsen is sawol foar senioaren as jeugd dy‘t net mear op de basisskoalle sit. Ledepartijen: Foar de leden hawwe wy wer in moaie keatsaginda gearstald. Jimme fine de data yn it oersjoch. De partijen sille ferkeatst wurde fan maaie oant septimber. Op 12 maaie gean we los. Peloten: It pelotsjen is tradysje yn (âld-) Littenseradiel. Dit jier binne der nei in lange formaasje wer 4 manljusteams dy’t dielnimme sille oan de kompetysje. Der

15 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication