Sneon 1 juny 2024 Tusken Tsjerke En Kroech 2024 It wurdt dit jier in TTeK-tocht sûnder tsjerke, omdat de tsjerke foar de startfoarstelling net beskikber is: de toer wurdt ynkoarten opknapt en yn ’e tsjerke wurde alle saken út ’e toer opslein. Wy hawwe dan ek in plakje fûn foar de startfoarstelling letterlik tusken tsjerke en kroech, op it gersfjild tsjinoer de tsjerke! Jimme kinne fan tinken wol hawwe dat dêr net alles kin, mar wat wy betocht hawwe, kin der wol! It komt dus wol klear, der kin in protte yn Mantgum! Nei ús iepenings-act om fiif oere en ús tradisjonele iterij yn ’e Wjukken om seis oere treedt yn ’e Wjukken gûchelder Lucas van Dijk foar ús op, as wat ekstra’s. Frisia1874 is op it lêst ek 150 jier âld! Wy hawwe opnij in programma opsetten mei trije rûtes en yn elke rûte hawwe wy besocht deselde soarten fan dingen byinoar te bringen: muzyk, toaniel, ferhalefertellers, koartsein: fan alles wat. Wy slute ús TTeK-tocht ôf mei in optreden fan sjongeresse Melissa Pander, winnaresse fan Liet 2023, mei har eigen band, yn ’e Wjukken, dan kinne jimme op sommige nûmers ek noch wol efkes noflik dûnsje. De Reade Rûte: - Duo Fris en Kruidig: Andries Kobus en Gonneke van Hoesen Korndorffer bringe ferskes fan Drs. P, Jules de Corte, Brigitte Kaandorp en oaren. De Giele Rûte: - Nynke de Heer docht wat mei klankskalen. Mar se sjongt ek. Dit klinkt mysterieus. En dat is it ek! - Toanielferiening Blije spilet de ienakter “TomTom”. - Douwe de Bildt fertelt. Mear hoecht der net by. - De toanielgroep Fjoer spilet in stik fan harren nije foarstelling “Alles went behalve...” - Gerda van der Wijk, fan ’e Afûk en oare poadia, bringt ús yn ’e wrâld fan Hylkje Goïnga. 20 | Mandeguod mei 2024
21 Online Touch Home