32

Nieuws van het filmhuis Yn 2022 is it idee ûntstien om in sneintemiddei te besteegjen oan de greidefûgels. Wy hiene it idee om de film ‘Grutto’ op dizze middei sjen te litten en dat te kombinearjen mei in lêzing troch immen hjir út de buert. Yntusken hat dizze film al op telefyzje west en is de foarkar dochs útgien nei in freedtejûn. De film ‘Grutto’ duorre achterôf besjoen ek wol wat lang. Dochs woene wy wol wat dwaan mei dit tema. Fia de Doarpskeamer binne we yn kontakt brocht mei Marten de Jong fan Baaium. Hy reagearre fuortendaliks hiel entûsjast op it idee en is der mei oan it wurk gien. Dat hat laat ta in temajûn oer Greidefûgels. Yn ‘e mande mei ferskate natuerorganisaasjes is der in jûnfoljend programma ta stân kommen. Mis dit net, want wat is der moaier as ús prachtige Greidelân mei al it libben dat him dêr ôfspilet. Der kinne 150 minsken yn de seal. Je hoege net te reservearjen en der binne gjin kosten oan ferbûn. Kom op ‘e tiid want fol is fol. Datum: 3 maaie 2024 Oanfang 20.00, ynrin 19.45 Lokaasje: De Wjukken te Mantgum 32 | Mandeguod mei 2024

33 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication