53

Witte jim dat… → … der ek dit jier wer in berneiepenloftspul opfierd wurdt en dat der 3 Mantgumer bern yn meispylje? → ... Jelle en Renske van der Meer jierrenlang twaddehâns klean (yn alle maten), boartersguod, húshâldlik tekstyl en bêdeguod nei tehuzen yn Hongarije brocht ha? Mar omdat sy net mear yn Mantgum wenje, kin soks no ynlevere wurde by Germ Hallema yn Jorwert (Master Fopmawei 18). Foar wa’t dat wol, kin it ek oan hûs ophelle wurde. Dat kin op: sneon 8 juny en sneon 22 juny. Stjoer dan in mail nei: kleding.hu@kpnmail.nl. Yn de simmerfakânsje wurdt alles dan rûnbrocht. → … de kuorbalklup WWC op de sportfjilden yn Mantgum èn yn Wiuwert traint? Yn Wiuwert kinne de kuorballers tenei jûns ek wer langer terjochte foar de trainingen omdat der op it Wiuwerter sportfjild nije ferljochting kommen is. Mandeguod mei 2024 | 53

54 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication