4 maaie Betinking Mantgum & Skillaerd Op 4 maaie betinke wy dat wy yn Nederlân yn frijheid libje kinne. Wy sammelje om 19.30 oere op it parkearplak fan it eardere gemeentehûs fan Mantgum oan de Seerp van Galemawei. Dêrnei rinne we mei syn allen nei Skillaerd. Dêr lizze de grêven fan de bemanning fan it Ingelske fleantúch dat op 2 maart 1943 delstoarte by de Mantgumerfeart. Om klokslach 20.00 oere wurdt foar harren en foar alle oare slachtoffers fan de oarloch de Last Post spile en binne we 2 minuten stil. Neist de krânse fan it gemeentebestjoer fan Ljouwert sil der ek in blomstik lein wurde út namme fan Doarpsbelang Easterwierrum. Sûnt foarich jier ha se it monumint op Skillaerd adoptearre doe’t de skoalle yn Easterwierrum har doarren sluet. 6 | Mandeguod mei 2024
7 Online Touch Home