Op de jierfergadering fan Doarpsmienskip wurdt altiten de kaskontrole efkes taljochte. Der waard sein dat it der finansjeel goed útsjocht en der is ek in moaie pot mei reserves. Sawol by Doarpsmienskip as by Mandeguod. Bert van der Weide attendearre de seal der op dat dit jild miskien wol hiel goed brûkt wurde koe as Mantgum 700 jier bestiet... Dat is yn 2029. Dêr giene ús earen fan klapperjen. Wat in fantastysk idee! Sa’n rûn getal is fansels in ideale gelegenheid foar net allinnich in spesjale útjefte fan Mandeguod, mar foar it hiele doarp om in grut feest te fieren. Dat ús doarp der no sa útsjocht en der nei 700 jier noch hieltyd wenne wurdt is toch best bysûnder. Ik sjoch al foar my dat tonielferiening Frisia in stik op ‘e planken bringt oer Seerp van Galema en syn frou His van Botnia, de basisskoalle aktiviteiten organisearret, we keatse op sokken mei bleate hân, kuorbalje mei 3 fakken tusken de skieppestront, en we miskien wol in grutte reuny hâlde kinne foar âld ynwenners. Ideeën genôch! Mar dan moatte der wol ynwenners oerein komme dy’t dizze kar lûke wolle. Dus, ast sin hast om leuke aktiviteiten te organisearjen, minsken kinnen leare wolst en dy ynsette wolst foar it doarp, mail dan nei ús, DMS of de Wjukken. No is it wol sa dat yn Mantgum, eartiids better bekend as Mantingaheem, al foar 1329 minsken wennen. De tsjerke is bygelyks boud om 1200 hinne, mar it skynt dat Mantinga-heem foar it earst yn stikken foarkomt yn 1329. En no’t ik it toch oer it ferline ha: yn dizze Mandeguod in artikel ‘Uit de oude doos’ oer de toer fan Skillaerd. Fierder ynformaasje oer de blommeferkeap foar de Wjukken, ynformaasje fan de keatsferiening dy’t in nije wedstryd organisearret en wer de gebrûklike ynformaasje út de Wjukken wei. Ek pakt de tsjerke in âlde grêfstien oan fan Douwe Willems. Fan wa? Dat kinne jim lêze yn dizze Mandeguod. Ut namme fan de redaksje, Maaike Kuipers Mandeguod mei 2026 | 3 Prakkesaasjes fan de redaksje
4 Online Touch Home