Lekker ite yn De Wjukken De lêste kear waarm ite, organisearre troch Mantgum Foar Inoar waard hâlden op snein 29 maart. Yn oktober begjinne de iterijkes fan it winterskoft wer, ien kear yn ‘e moanne op snein. Ut iten yn eigen doarp yn ús moaie doarpshûs, wa wol soks no net? Wêr krijst it 3-gonge menu foar acht euro? Dizze kear wiene der mar leafst 53 dielnimmers en dan ha wy de Wjukkenfrijwilligers noch net iens meirekkene! It foarige rekord stie op 51 iters en no dus noch mear. Gelokkich kin Mantgum Foar Inoar rekkenje op genôch frijwilligers dy’t aardichheid ha om iten te sieden foar dit doel. Diskear wie alles yn maitiidssfear mei Peaskeserfetten en ûnderlizzers (placemats) en stiene der faaskes mei titelroazen (narcissen) op ‘e tafels; hiel feestlik. Benijd wêr’t elk út kieze koe? It foargesetsje lei fêst: dat wie in frisse readebitemousse mei in walnút as garnearring. Dêrnei in buffet mei: • Wytlofslaad, rukola en tomateslaad • Hasselback ierappels, Mount Carmelslaad en folde paprika’s • Plaattaart; hinnestoof mei rys, Rösti ierappels, Hawai-hin, Sjampinjonskûtel • Chicken Biryan, Marokkaanske hin en rys mei dopearten. • As ôfsluter in hearlik neigesetsje dêr’t abbekaat troch siet op in bedsje fan rezinen dy’t yn brandewyn weakke wiene. Op ‘e boppekant mealde Pistache nútsjes en glacee peasaaikes. No dat soe yn in djoer restaurant net misstien ha. Hâld Mandeguod yn ‘e gaten foar it earstfolgjende iterijke fan Mantgum Foar Inoar: lekker en gesellich! foarinoar@mantgum.com Wieke de Haan (ien fan de itensiedsters fan dizze snein) Mandeguod mei 2026 | 37
38 Online Touch Home