39

KF Jacob Klaver stekt de Lytse PC yn in nij jaske! Ofrûne septimber skreaune we yn Mandeguod oer de 75ste Lytse PC. Dizze jubilearjende keatspartij foar de 1e klasse keatsers wie mei rjocht in Lytse PC. It lytse tal fan 9 dielnimmende partoeren op ’e list wie in djiptepunt. Stilstean bliuwe en ôfwachtsje wie gjin opsje mear. Mei oare wurden, it waard wol tiid foar feroaring. Nei evaluaasjes binnen de feriening, it keatsbestjoer en oerlis mei it keatsbûn waard besletten foarearst in nije jeugdige koers te farren. Yn Mantgum hawwe wy in bloeiende jongereinôfdieling mei in soad talint. En gelokkich binne der mear ferienings as uzes en dat liedt ek ta in positive ûntwikkeling fan it tal jeugdkeatsers by it keatsbûn. Hoe moai soe it wêze as wy foar in jeugdkategory in “PC” organisearje kinne soene? It idee wie berne: De Lytse Jeugd PC. In keatspartij dêr’t we de jonge talinten in bytsje it gefoel jaan kinne fan in “PC”. Mei as doel talintûntwikkeling en it stimulearjen fan it jeugdkeatsen. Wa wit stean sy dan letter ek op in grutte PC te keatsen! Op ús nije keatsevenemint ferwachtsje wy op 31 maaie mar leafst 100 oant 150 keatsers yn Mantgum. Enthousiaste keatsers yn de kategory skoaljonges & skoalfamkes, oant 15 jier. As wurkgroep binne wy drok dwaande mei de tariedingen om dit ta in prachtich suksesfol evenemint te meitsjen wat de kommende jierren kontinuearre wurde kin. Wy nûgje jo allegear fan herte út om it keatsen te besjen op ús Mantgumer sportfjild en de (Mantgumer) keatsers fansels oan te moedigjen! Wurkgroep Lytse Jeugd PC, Jouke Wiersma, Hessel Jonker, Rixt Keuning, Gert­Anne van der Bos, Sjirk de Groot en Jesse Cuperus. Mandeguod mei 2026 | 39

40 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication