59

It Iepen Frysk kampioenskip Op sneon 28 maart wie it dan einlings sa fier. It Iepen Frysk kampioenskip yn Frjentsjer. ‘Ik bin meastal wol in bytsje senuweftich foar in wedstryd, mar as de wedstryd begjint dan is dat oer’. En dat blykt ek wol út syn ferhaal, want fan de 6 tsjinstanners dy’t hy hie, waarden der 2 binnen inkele tellen op ‘e grûn goaid. Ofhinklik fan it type worp krijst dan 5, 7 of 10 punten. Oan it ein fan alle wedstriden die bliken dat Jitse 3e waard. ‘Mar dat koe hielendal net, want de nûmer 1 hie 2 kear ferlern en Jitse mar 1 kear’, seit mem Bettie. ‘It kaam omdat de skiedsrjochter oant twa kear ta de ferkearde winnaar oanwiisde mei de hân. Dus doe ha ik appt mei de trainster en dy hat gelyk nei de jurytafel west en de boel efkes rjochtbreide.’ Sa waard Jitse úteinlik toch echt Frysk kampioen yn syn klasse. De jonge dy’t earst nûmer 1 waard, hat der neat fan meikrigen, mar yn de boeken stiet it goed en hy hat ek de goeie medaille krigen. Op de dei fan de training hat juf Veronique Jitse ek noch efkes offisjeel yn it sintsje setten. Op nei de oranje bân! Maaike Kuipers Mandeguod mei 2026 | 59

60 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication