19

Juni 2023 19 Hoxwierstermerk 2023 Trije jier lang hat der gjin Hoxwierstermerk west, mar we kinne mei in tefreden gefoel weromsjen op de blommeferkeapjûn op 11 maaie. It wie noflik waar, dat de frijwilligers en de keapers hoegden net by de blommekarren stean te klommerjen. En ek oer de opbringst koene we tefreden wêze. We hiene de ferkeapprizen gelyk holden oan eartiids: € 10,- foar 3 planten, wylst de ynkeapspriis fan de planten yn dy tuskentiid wol omheech gongen wie. Al mei al hat de blommeferkeap ryklik € 1.450,- opsmiten, in bedrach dat de Wjukken besteegje sil oan nije gerdinen. We hiene diskear ek de rûtes oarsom riden: de strjitten dy’t oars as lêste oan bar wiene, ha we no as earste dien. Want ja, op it ein fan in rûte is net alles mear beskikber. Al is dat ek tige persoanlik, want wy hiene immen dy’t perfoarst 3 reade geraniums ha woe, mar om’t hy oan it ein fan in rûte siet, wie de keuze net sa reuze mear: der wie noch mar 1 reade geranium oer… Mar syn buorfrou twa huzen fierder kaam nei bûten mei de wurden: “Salang’t der net allinne mar reade geraniums oer binne, want dy mei ik net lije.” Lokkich foar har stiene der noch genôch beltsjeblommen op de karre. Ek wiene der minsken dy’t gjin blommen hoegden, mar ús dochs ‘sponseren’ mei samar in bedrachje. Sa’n gebaar wurdt altyd tige wurdearre. Der wiene noch in stikmannich planten oer – de bedoeling is om dy op de Streekmerk op 21 maaie noch oan ‘e frou/man te bringen. Foar in takomstige Hoxwierstermerk is Lys net mear beskikber om it te organisearjen, Maaike en Anneke sykje dêrom noch in tredde maat foar de takomst. Mar leau ús mar: de wurkomstannichheden binne goed: nei ôfrin fan it blommesuteljen wachtet der yn de Wjukken altyd hearlike waarme patat, in kroket of in oare waarme snack op jim! Maaike de Groot, Lys Scarse en Anneke van der Sluis

20 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication