27

HoxwiersterMerk ‘min waar – topopbringst’ Sa no en dan seagen wy op 25 april efkes op buienradar. Bliuwt it drûch tidens de HoxwiersterMerk? No, nee dus. Om fiif oere kamen de frijwilligers nei de Wjukken en doe wie it wol dúdlik: dit wurdt in wiete edysje. Fansels foar de planten gjin probleem, mar foar de ferkeapers en keapjende doarpsgenoaten wat minder aardich. Wy hienen dit jier inkele nije frijwilligers, dy’t fuortendaliks goed troch de moster fitere binne, sille wy mar sizze. Oare frijwilligers dy’t de ôfrûne jierren meiholpen ha, en no opholden binne, wolle wy noch tige tank sizze foar harren ynset. De kleurrike blommen, beltsjeblommen, geraniums, sawol steand as hingjend, hawwe by in protte Mantgumers wer in moai plakje fûn. Troch jim oankeapen ha wy in moai bedrach foar de Wjukken by elkoar brocht. Dit jier rom € 1.700, dy’t bestege wurde sille oan in nije lûdsynstallaasje foar de Wjukken. Tige tank foar jim oankeapen en oant takom jier. De HoxwiersterMerkkommisje, Maaike en Anneke Mandeguod juni 2024 | 27

28 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication