52

Iisbaan yn ‘e maaitiid “Iisbanen en Fryslân hearre byelkoar. Hast alle doarpen of buorskippen hawwe der ien. Iisbanen hearre likegoed by it karakteristike byldmerk fan Fryslân as tsjerken en pleatsen.“ “Wy meie ús iisbanen net ferjitte no’t dy troch de klimaatferoaring hieltyd minder befrieze sille. Wat is it dan moai dat der inisjativen binne lykas de Fryske iisbaankeunstrûte dy’t minsken fytse kinne.“ Dit binne inkele sitaten fan Arno Brok, kommissaris fan de Kening, yn it foarwurd fan it boekje ‘Iisbaan yn ‘e Maaitiid’. In boekje mei 6 fytsrûtes by iisbanen lâns. Ien fan dy rûtes giet ek by de Mantgumer iisbaan del. Dat is in rûte fan krap 60 kilometer, mar kinst altyd de rûte opsplitse ast der gjin sin oan hast om 60 kilometer yn ien kear te fytsen. Miskien wie it dy ek al opfallen: by de yngong fan ús iisbaan stiet sûnt koart in boerd mei in gedicht fan Syds Wiersma en in skilderij fan Hendrik Elings. Want binne iisbanen winters in moetingsplak foar as der iis is, simmerdeis wurde de measte iisbanen brûkt foar hiel oare saken: der wurdt op keatst, kuorballe, der boartsje bern. Of, sa as by ús iisbaan: der rint fee op. Sa sjochst it ek op it skilderij by de Mantgumer iisbaan: it iisbaanhokje op de eftergrûn en der rinne skiep op de foargrûn. Wite skiep, dat wol… Tjerkje har skiep skarrelje dêr altyd om en dy binne allegear swart. Mar foaruit! Hendrik Elings (de keunstner dy’t de skilderijen fan de rûte foar syn rekken naam) en Eddy van der Noord (fan de útjouwerij dy’t it boekje útjûn hat) hawwe mei help fan Johan van 52 | Mandeguod juni 2024

53 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication