Witte jim dat… → … op 30 juny in sportmiddei organisearre wurdt? Der is hjir yn it ramt fan ‘Mienskip en bedriuw yn ferbining’ subsydzje foar oanfrege troch Mantgum Leeft. De sportferienings en in pear sportoanbieders stekke de koppen by elkoar en se sille der in prachtige middei fan meitsje. Yn dizze Mandeguod stiet alle ynformaasje. Boppedat wurdt der noch in flyer rûnbrocht - dus hâld dyn brievebus yn ’e gaten. → … der dit jier neist in protte rinners ek in hiel soad Mantgumers binne dy’t de Slachtemaraton dráve sille? Wy ha sa al in hiel rychje dravers: Marian Sterk, Anne Dijkstra, Roelof Oostra, Jacob Rienstra, Richard de Graaf, Nynke Talsma, Boris Lemereis. En dan ha ha we se miskien noch net iens allegear opneamd… → ... it kuierpaad by de túntsjes klear is? De lêste toplaach leit der no ek op – dat je kinne dêr no ek mei reinich waar drûge fuotten hâlde. Mandeguod juni 2024 | 57
58 Online Touch Home