Boppe Fertier – sneon 30 augustus 2025 Alles groeit en bloeit prachtich yn Plan Boppeslach en der wurdt omraak boarte, kuiere en ‘chilld”. De nije picknicktafels en bankjes binne gauris beset troch Mantgumers mar ek troch fytsers of kuierders dy’t lâns komme. It plan is no echt hielendal klear: tiid foar in feestje! Sneon 30 augustus organisearje we Boppe Fertier; in machtich moaie dei foar alle Mantgumers - jong en âld. Der is dizze middei fan alles te dwaan en te belibjen yn en rûnom Plan Boppeslach. Faartocht 13.30 – 16.30 oere Stap oan board yn Boppeslach en meitsje mei Mantgumer skippers in prachtige faartocht. Genietsje fan it moaie lânskip fanôf it wetter. Ûnderweis is der in hapke en in drankje. De boaten komme on-endeby 16.30 oere wer oan yn Boppeslach. De kosten foar de faartocht binne € 5,00 per persoan ynklusyf in fersnapering. Puzzelfytstocht 13.30 – 16.30 oere Foar de minsken dy’t gjin “zeebenen” ha en leaver wat fêste grûn ûnder de fuotten ha wolle, is der in puzzelfytstocht. Start (tusken 13.30 en 14.00 oere) en finish by Plan Boppeslach. Tidens de tocht is der ûnderweis in fersnapering. De kosten foar de fytstocht binne € 5,00 per persoan ynklusyf fersnapering. 10 | Mandeguod juni 2025 Ekspedysje Boppeslach jeugd 15.00 – 16.30 oere De jeugd fan Mantgum (8 – 15 jier) kin op aventoer yn Boppeslach. Der komt in wiere ekspedysje mei spannende spultsjes en opdrachten, hindernissen oer it wetter en tusken de beammen. Alles ûnder lieding fan profesjonele outdoor begelieders. De ekspedysje foar de bern is fergees. Ekspedysje Boppeslach folwoeksenen 16.30 – 18.00 oere Spanning, aventoer en de júste teamspirit? Mantgumers fan 16 jier ôf kinne no yn aksje en meidwaan oan ekspedysje Boppeslach. Kosten: € 5,00 per persoan. Speurtocht yn Boppeslach fanôf 15.00 oant 19.30 oere Foar de lytse ynwenners oant en mei sa’n 8 jier sette we in speurtocht út yn Boppeslach dy’t de bern tusken 15.00 en 19.30 oere dwaan kinne. Meidwaan is fergees.
11 Online Touch Home