Dizze wike ha ik moarns as it noch net sa waarm wie, iderkear wat yn de tún omskrept. Der groeit en bloeit altyd fan alles by ús yn de tún. En ast dat in jier of wat bloeie litst krijst bytiden prachtige planten. Sa as de hop by ús yn de achterste hoeke fan de tún. Ja, kinst bier fan brouwe tinke sommigen dan. No nee, want hop hat in mantsje- en in wyfkeplant en om bier te brouwen hast krekt de oare nedich as dy dy’t by ús yn de tún groeit. Hop hat aldermoaiste blêden. Probleem wie lykwols dat ús hop yn in pear flearbeammen opklommen wie, en de flearbeammen wiene beswykt ûnder de hop. Dat ik bin mar ris begûn mei it oprêden fan dy hop. Alle moaie ranken binne yn de griene kontener bedarre. Mar dan noch de woartels: dy moat ik mei de skeppe omheechwrikke, want hop hat in allemachtich goed woartelsysteem. En omdat ús tún in âld hiem is, stjit de skeppe by elke stek dy’st yn de grûn stekst op in bakstien, in stik âld izer of in stikkene dakpanne. Enfin, ik gean der fan út dat ik dat hoekje tún wol de baas wurd op den duer. Mar ast achter yn de tún klear bist, kinst wol wer foar yn de tún begjinne. Mei in tún bist fansels nea klear. En soms prebearje je wol ris wat út. In pear jier lyn waard der ‘reklame’ makke foar mear ynsekten-diversiteit yn dyn tún mei de slogan “Maai mei niet.” David wie dêr wol foar te porren, dat hy liet de meanmasine dy maaiemoanne stean. No, dat ha we witten… It gers stie al rillegau oan de knibbels ta en om it der wer ôf te krijen wie in heidens karwei. Dy slogan is letter trouwens oanpast ta “Maai mei minder.” Hoe dan ek: mei de diversiteit oan michje- en krobbeguod sit it wol snor yn ús tún. Mei tank oan David dy’t bygelyks om alle pinksterblommen hinne meant – want dy binne de waardplant foar in bepaald flinterke: it oranjetipje. De brannettels yn in oare hoeke fan de tún binne wer goed foar oare flinters: de dagpauwoog en de atalanta. Dus brannettels steane der ek genôch yn ús tún. Ja… ast in kreas byknipt en opskeard túntsje ha wolst, moatst eins net mei in biolooch troud wêze… Lys Scarse Mandeguod juni 2025 | 3 Prakkesaasjes fan de redaksje
4 Online Touch Home