Hoxwierstermerk 2025 Wat wie it skitterjend waar, tongersdei 8 maaie. Mei karren fol geraniums en beltsjeblommen giene de (nije) frijwilligers op paad. En de karren kamen meastentiids leech werom….. útferkocht! De dei dêrnei giene sy nochris op paad en doe wiene ek de lêste planten ferkocht. It waard in moaie opbringst fan 1400 euro foar toanielgerdinen foar de Wjukken. Doarpsgenoaten, tige tank foar jim stipe en de frijwillgers foar jim ynset. Lâns dizze wei ek in ekstra betankje foar Maaike de Groot, dy’t nei 9 jier ophâldt mei it organisearjen fan de Hoxwierstermerk. Mochten jim in kuierke troch it doarp meitsje en jim each falt op in bak mei kleurige blommen, lit dan ek efkes yn jim omgean: ‘Soe dat ek wat foar my wêze, dizze gesellige blomkeferkeap?’ Lit it ús dan efkes witte, want wy sille Maaike tige misse en sykje noch in opfolger. Anneke van der Sluis Jessica Seffinga Mandeguod juni 2025 | 35
36 Online Touch Home