37

Wat hinget der by dy oan ‘e muorre? Wy binne troch Rutger en Jildou frege om in stikje te skriuwen oer “Wat hinget der oan de muorre.” Wy fertelle jim wat oer wat foar ús moaie herinneringen en prestaasjes binne. Rienk hat in oantal jierrren mei syld yn de IFKS op it skûtsje “De Grutte Pier”. Hy siet dêr oan it swurd, wat somtiden in flinke klus wie, foaral mei hurde wyn! Op de foto sjogge jim him sitten as achterste neist de roef. Ik (Wietske) ha in oantal jierren roeid yn in reddingssloep. Ek dat barde foaral yn de simmer op it wetter troch hiel Nederlân. Sa roeiden wy mei ús team wedstriden yn Zaandam, Muiden, Zwolle, Grou, Terherne en Harns. Ik sil fêst wat plakken fergetten wêze, it wienen der bêst in soad. It wie in prachtige tiid om yn de simmer in wike lang mei al dy skûtsjes op ferskillende Fryske wetters wedstriden te silen. Wat ha we in soad beleefd. Fan mei wynstil waar mar wat omdobberje, oant flink hurd wurkjen op it Iselmar mei hurde wyn! De moaiste en swierste wie de HT race yn 2018. 32 kilometer oer It Waad fan Harns nei Terschelling. Wat in belevenis! Ik bin doe mei it team 12e wurden fan de 40 dames-sloepen! Wietske en Rienk Terluin. Yn de folgjende Mandeguod fertelle Reindert en Nynke Wiedijk wat sy foar spesjaals yn ‘e hûs ha. Mandeguod juni 2025 | 37

38 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication