út hûs wei as Operations Manager by in ynternasjonaal consultancy- en ûndersyksburo foar klantkommunikaasje. Se binne wol tige te sprekken oer de berneopfang yn Eastenryk, ek al is it hiel oars opset as hjir yn Nederlân. Kinne je hjir sels kieze wêr’st dyn bern hinne bringst, yn Eastenryk hat elk doarp syn eigen berneopfang en it is net de bedoeling datst dyn bern earne oars hinne bringst. Kinst dyn bern ek net fóárdat se 18 moanne binne nei de opfang bringe, en dan allinne noch mar stap foar stap nei in frij lange gewenningsperioade en boppedat wurdt der dan fan dy ferwachte datst sels der earst by bliuwst. Dochs is Marleen hiel entûsjast oer de wize dat de berneopfang dêr regele is. “We zijn blij dat we in Oostenrijk zaten, het is een geweldig land voor kinderen.” Logysk dus dat Hugo nei dy 3½ jier yn Eastenryk floeiend Dútsk praat. Dêrom foel it him yn it begjin by de Poiesz ek op dat alle minsken yn de winkel en op ‘e dyk Nederlânsk praten. Nederlânsk waard yn syn libben ommers allinne mar thús praat… Oeral bûten harren eigen hûs waard fansels Dútsk praat. Hugo hie ek sawat de hiele jûn meilústere – hy hie de doarbel heard en kaam sa’n tsien minuten letter al nijsgjirrich fan boppen mei syn knuffel ûnder de earm. En wylst er smûk tusken Marleen en Jort op de bank siet hat er lekker relaxed oan it papierknutseljen west. Lytse Elin sliepte al as in barchje, dy hat neat gjin bel heard. In goed jier lyn waard Jort troch syn bedriuw frege oft er ek foarkar hie om yn in oar lân te wurkjen. Dan graach in Dútstalich gebiet, fûnen Marleen en Jort, yn ferbân mei de bern. Mar se wiene ek op in punt dat se de bern in fêst thús jaan woene. In plak dêr’t se ‘woartelje’ kinne en dêr’t se letter op werom sjen kinne as har fêste basis. Jort en Marleen binne dêrom bliid dat se yn Mantgum sitte! Jort wurket oant july ta noch wol foar in part yn Eastenryk, mar dêrnei kin er thús wurkje en in pear dagen yn ‘e wike yn Leiden. Dat wurdt dus wat op en del reizgjen, mar dat is gjin probleem. Marleen kin thús wurkje, sy is fleksibel. It libben yn it bûtenlân hat syn foar en syn tsjin, konkludearje Jort en Marleen. “We hebben een hele mooie tijd gehad en geweldige herinneringen gemaakt!” Mar ast yn it bûtenlân sitst, fier fan dyn famylje en freonen ôf, moatst der ek wat foar litte. Moatst dyn libben der dêrom ek wat op ynrjochtsje. En fansels, hast kultuerferskillen, ek al sit dat soms yn lytse dingen. Dan hat Eastenryk opiens in nasjonale feestdei: winkels ticht, skoallen ticht – dat moatst dan ek mar krekt witte! En no yn Mantgum begjinne se wer oan in nije fase yn har libben. De bern fiele har al thús – en de hintsjes ek. Trije pluzige hintsjes rinne no yn de foartún. Pippi, Asterix en Obelix. “Want die is de dikste” ferklearret Hugo de namme fan dat lêste hintsje. Lys Scarse Mandeguod juni 2026 | 25
26 Online Touch Home