Yn myn studintentiid soe ik studearje yn it bútenlân. ‘Ik weet niet of dit dorpsmeisje het daar wel redt’, hear ik dy freeslike fint fan Bureau Buitenland noch sizzen. Mar hy hie al gelyk. Mei heimwee kaam ik werom. Gelokkich koe dat. Mar hoe oars is dat mei minsken út in lân wêr’t oarloch is? Wêr’t je oppakt wurde as je je eigen miening jouwe of gewoan om wa’t je binne. Mei in tas mei de belangrykste spullen stêd en lân en dan nòch in lân en nòch in lân ôfrinne (ja, echt rinne) op syk nei in plak wêr’t it wòl feilich is. Ek sokke minsken moatte in plak ha. En nee, dat hoecht en kin net allegear yn ús lân, mar ek net hielendal nèt. Omdat dit foarwurd net te lang wêze mei en ik út eigen ûnderfining in bytsje wit hoe’t it foar flechtlingen is om yn Nederlân te setteljen, ha ik der fierderop yn dizze Mandeguod in ferhaal oer skreaun. Mocht der oait sprake fan wêze dat yn Mantgum flechtlingen opfongen wurde moatte (rûn 2000 wie der in roddel dat dit gebeure soe, wat dus net gebeurde) dan makket it my net út wat je dêrfan fine. It ienichste wat ik hoopje is dat we dêr as ynwenners dan gewoan oer prate kinne. Sûnder spandoeken, sûnder stoeptegels en sûnder plysje, mar mei diskusje, fatsoenlike wurden en oerlis. Want as je sjogge hoe’t der de lêste wiken reageare wurdt op de komst fan in opfangsintrum, dan kinst mar better in flechtling as buorman ha, as sa’n idioate aktivist. Maaike Kuipers Mandeguod juni 2026 | 3 Prakkesaasjes fan de redaksje
4 Online Touch Home